Bouwmeester klimt ien plakje

© Richard Langdon
Marit Bouwmeester is op de tredde dei fan it EK silen fan it sechsde nei it fiifde plak klommen. Yn har Laser Radial waard de sylster út Warten tiisdei tredde en fiifde. Annalise Murphy bliuwt yn har heitelân Ierlân in klasse apart. Se wûn opnij twa kear. Murphy hat de lieding mei 5 punten. Dêrnei folgje Evi van Acker (België) mei 12 punten, de Deense Sarah Gunni en de Britse Alison Young beide mei 15 punten en Marit Bouwmeester mei 17 punten.De kommende dagen moatte der noch seis races syld wurde.