Gjin nije swimmetoade Ljouwert

De Ljouwerter bern krije gjin swimles fia de nije metoade fan de KNZB, want de Ljouwerter swimbaden binne lid fan it Nationaal Platvorm Zwembaden (NPZ) en dat kin him net fine yn de nije swimles-metoade.
De KNZB wol dat lytse bern it swimmen leare troch te begjinnen mei de boarstcrawl, wylst hast oeral yn Nederlân de skoalslach de basis fan de lessen is. Reden is dat bern in folle gruttere ôfstân swimme kinne mei de skoalslach en dat is feiliger.