Opgraving by Oerterp sukses

03 sep 2013 - 23:03
  • By de opgravings waard it nedige diggelguod fûn

Oerterp lei tûzen jier ferlyn op in oar plak. Dat blykt no al út archeologysk ûndersyk dat op dit stuit dien wurdt op it trajekt fan de nije dyk N381 by Oerterp. It ûndersyk bart yn opdracht fan de provinsje. Der wurdt noch mar in pear dagen groeven en no al binne der buorkerijen, putten en sleatten fûn.

Dit is allinnich te sjen troch kleurferskil yn de grûn. Der binne wol in soad stikken diggelguod fûn. De archeologen hoopje dat se it eartiidse tsjerkhôf fine dat der neffens de bronnen lizze moat. It ûndersyk duorret trije wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)