Stenden wol bettere oansluting

03 sep 2013 - 20:47

De Stenden Hegeskoalle set it nije skoaljier yn op ferbettering fan de oansluting fan de opliedings by de fraach út it bedriuwslibben. De koartlyn oankundige gearwurking mei de NHL kin dêryn in wichtige rol spylje.

Dat sei Leendert Klaassen, foarsitter fan it kollege fan bestjoer fan Stenden tiisdeitemiddei by de iepening fan it nije skoaljier. It tal studinten by Stenden groeit dit skoaljier oant boppe de 11.000. Sa'n 40% fan de oanmeldings foar it nije jier komt fan it MBO, in lytse groei fan 2% fergelike mei in jier earder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)