Terpstra praat mei lederied

KNSB-foarsitter Doekle Terpstra hat tiisdeitejûn fergadere mei de lederied oer syn ûntslachbrief. Dy hat er ferline wike freed skreaun nei krityk fan ûnder oaren reedrider Sven Kramer op it funksjonearjen fan Terpstra.
De lederied beslist letter op 'e jûn oft se akkoart giet mei it ûntslach. Terpstra sels is dêr net by.