Gjin fuotbal Tytsjerksteradiel

03 sep 2013 - 18:42
  • De fuotbalfjilden wurde bereind.

De fuotbalwedstriden yn Tytsjerkteradiel geane takom wykein net troch. Dit fanwege de droege fjilden. Dertroch is it neffens de gemeente net feilich om te spyljen.

Tytsjerksteradiel hat in leanbedriuw ynskeakele om de fjilden ekstra te besproeien. Moandei wurdt opnij besjoen oft der fuotballe wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)