Kramer: 'gjin spyt fan krityk'
Sven Kramer biedt gjin eksuzes oan oan Doekle Terpstra. Hy seit gjin spyt te hawwen fan syn hurde wurden oer de foarsitter fan de KNSB. Dat sei hy tiisdei tsjin de NOS. Kramer neamde Terpstra ûnder oare ynkompetent.
Tiisdei seit hy dat hy as sûne man syn miening fentilearje mei en dat hy dat nei eare en gewisse dien hat. Nei de krityk fan Kramer besleat Doekle Terpstra syn foarsitterskip op te sizzen. Jûn wurdt dêr yn de lederied oer praten.