Skipper Pieter Brouwer fuort

03 sep 2013 - 15:22

Skûtsjeskipper Pieter Brouwer fan it skûtsje Hearrenfean hâldt op by de SKS. It ôfrûne kampioenskip wie syn lêste. Reden fan ophâlden is drokte mei it wurk. Dêrtroch hat hy te min tiid foar de silerij. Fysyk wurdt it ek hieltiid dreger foar Brouwer, fanwege fersliten knibbels.

Brouwer wie 17 jier skipper. Sân Jier op Earnewâld en tsien jier op it skûtsje fan It Hearrenfean. Trije kear waard hy kampioen by de SKS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)