Eindhoven: 'Ljouwert wint'

03 sep 2013 - 13:52
  • Eindhovens Dagblad poll webside

Ljouwert hat de grutste kâns op kulturele haadstêd fan Europa te wurden yn 2018. Dat tinke de lêzers fan it Eindhovens Dagblad. Dy krante hat syn lêzers in poll foarlein wêryn't har dat frege wurdt. De sjuery dy't beslist hokker stêd kulturele haadstêd wurdt, is tiisdei op besite yn Eindhoven, om te sjen wat dy stêd te bieden hat.

De sjuery wie moandei yn Ljouwert en slút de stedsbesites woansdei ôf yn Maastricht, de tredde kandidaat. Freedtemiddei wurdt dan bekend makke hokker stêd yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)