Mear ûngelokken mei scootmobyl

03 sep 2013 - 11:20
  • Scootmobyltraining is hurd nedich

It tal ûngelokken mei in scootmobyl nimt bot ta. Dêrom is der by wensoarchsintrum Saxenoord yn Frjentsjer tiisdei in scootmobyltraining. Ut ûndersyk fan VeiligheidNL docht bliken dat der yn de perioade 2007-2011 sa'n 78% mear ûngelokken west hawwe. Yn 2011 moasten 2000 minsken nei it sikehûs. De measte ûngelokken binne iensidich. Minsken kantelje mei de scootmobyl of ride tsjin objekten oan, lykas in stoepe. Faak giet it om in betsjinningsflater.

Gemeenten organisearje hieltyd faker kursussen om de feardichheid te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)