6100 Friezen rinne foar KWF

03 sep 2013 - 11:03
  • Friezen jouwe mear as ynwenners fan oare provinsjes

De 6100 Fryske kollektanten fan KWF Kankerbestriding hawwe ynformaasje krigen oer hoe't se minsken fertelle kinne wêr't it jild oan bestege wurdt. Kollektanten krije in soad fragen oer Alpe d'HuZes-oprjochter Coen van Veenendaal dy't twa ton deklarearre hat foar sponsorjild dat hy ophelle hie. Dochs is de Alpe d'Huzes gjin evenemint fan de KWF.

Regiokoördinator Ettje Wassenaar fan de kankerbestriding ferwachtet net dat der dit jier yn Fryslân minder jild ophelle wurde sil.

Mei de ynformaasje dy't kollektanten krigen hawwe, kinne sy goede foarljochting oan minsken jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)