Ferwerderadiel hâldt Vd Berg
Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel is moandeitejûn opnij as boargemaster beëdige troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Dat wie yn in ekstra riedsfergadering.
Van den Berg wie troch de ried op 1 augustus opnij foar seis jier beneamd, dat is syn tredde termyn. Van den Berg waard yn 2001 boargemaster fan Ferwerderadiel.