Friezen fytse Tour for Life

03 sep 2013 - 09:52

Snein binne de fytsers op paad gien foar de Tour for Life, in fytstocht fan 1250 km fan it Italiaanske Bardonecchia nei Nederlân foar Artsen Zonder Grenzen. Der sitte ek in oantal Friezen by, lykas it Wergeaster team Friesland4Life.

Nei twa dagen sloegen se moandeitejûn kamp op by de mar fan Annecy. Tiisdei gean se fia Switserlân wer fierder nei it Noarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)