Rêstige slotdei transfermerk

02 sep 2013 - 23:51

Alfred Finnbogason bliuwt yn elts gefal noch oant en mei de winterstop yn tsjinst fan SC Hearrenfean. Oant moandeitenacht 24.00 oere mochten fuotballers ferhúzje fan klup. Ynterim-direkteur Gaston Sporre fan SC Hearrenfean hat op tiisdei noch ferskate tillefoantsjes hân fan klups út de Ingelske Premier League dy't ynteresse toanden yn Finnbogason. Mar der is nea in offisjeel bod binnenkaam by SC Hearrenfean.

Algemien direkteur fan SC Cambuur woe graach noch in ekstra oanfaller fêstlizze, mar is dêr foarearst net yn slagge. De Ljouwerters hiene Castillion fan Ajax op it each en ek mei Glynor Plet hat der kontakt west. Omdat Plet syn kontrakt by FC Twente ûntbine litten hat, is hy transferfrij. Dat betsjut dat hy ek nei 2 septimber fêstlein wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)