Soad striid om duorsume titel

Sinnepanielen © ANP XTRA
De bestjoerders fan Noardeast-Fryslân dogge manmachtich mei oan de ferkiezing fan de duorsumste boargemaster of wethâlder fan Nederlân. Njoggen wethâlders en boargemasters dogge mei oan de wedstriid. Tusken 10 septimber en 10 oktober moatte sy sa min mooglik enerzjy brûke.
Fan Dongeradiel docht it hiele kolleezje mei. Fan Achtkarspelen, Kollumerlân, Ferwerderadiel en Dantumadiel en Tytsjerksteradiel docht elk in wethâlder mei. Mei dielname út Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat leveret Fryslân 12 fan de 62 kandidaten oan de striid.