Ymportoesters by feest Dokkum

02 sep 2013 - 21:06

By de iepening fan it oesterseizoen yn Dokkum wurde kommend wykein gjin Waadoesters, mar ymportearde kweekoesters serveard. De oesters op it Waad bin troch de lange, lette simmer noch net op smaak, stelt de organisaasje. Gewoanwei rint it oesterseizoen fan septimber oant maaie. Yn de simmer plantsje de skulpbisten harren fuort. Fanwege it waar hawwe de oesters har dêr net genôch fan hersteld. De ferwachting is dat der yn maaie in soad goede oanfier fan Waadoesters komt. It oesterseizoen wurdt alle jierren iepene mei de Admiraliteitsdagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)