Polsbantsje foar alkohol

02 sep 2013 - 17:32

De organisaasje fan de Sint Nykster merke makket dit jier gebrûk fan polsbantsjes by it skinken fan alkohol. Jongeren fan 16 jier en âlder kinne it krije by de kream fan Platform Nuchtere Fries op it feestterein. Se moatte har earst identifisearje. Dêrnei kinne se op fertoan fan it bantsje op it terrein drank helje.

Jongeren dy't gjin bantsje om hawwe, krije gjin alkohol. De organisaasje wol sa dat jongeren op ferantwurde wize genietsje fan de merke. Jongeren dy't drank hân hawwe, kinne in alkoholtest dwaan as se nei hûs ta gean

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)