Sjuery: In konsistint ferhaal

02 sep 2013 - 17:23

De ynternasjonale sjuery fynt dat kandidaat-kulturele haadstêd Ljouwert moandei 'in konsistint ferhaal' hold by de presintaasje fan alle plannen foar it jier 2018. Sjueryfoarsitter Sir Jeremey Isaacs sei dat moandei by it ôfsluten fan de besite op Breesândyk. Yn de ferhalen en projekten fan kandidaat-haadstêd Ljouwert stiet benammen it begrip 'mienskip' sintraal.

De sjuery hat gjin oardiel, sei Isaacs, omdat tiisdei en woansdei earst besites ôflein wurde oan Eindhoven en Maastricht. Isaacs woe noch wol kwyt dat er 'in moaie dei' hân hie.

Isaacs (79) wie al ferskate kearen earder foarsitter fan de sjuery dy't kulturele haadstêden útkiest. De sjuery sil pas freedtemoarn in definitive kar meitsje foar de Kulturele Haadstêd fan Europa. Hjirby wurdt safolle mooglik stribbe nei unanimiteit. It beslút wurdt nei ferwachting freedtemiddei om 16.00 oere hinne iepenbier makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)