'Posityf oer ûnderwiisakkoart'

De reaksjes op it Nasjonaal Underwiis Akkoart dat moarndei sletten is, binne oer it algemien goed. Der wurdt 700 miljoen euro ynvestearre yn it ûnderwiis. De regeling foar âldere dosinten dat se minder oeren hoege te wurkjen ferdwynt, mar it lean giet wat omheech. Fierder komt der in ûndersyk nei de wurkdruk by de dosinten.
Op Prinsjesdei wurdt bekend makke hoe't it krekt komt. Skoallieders fan bygelyks de NHL en Piter Jelles fine dat spitich. It fakbûn CNV hat der alle betrouwen yn dat it akkoart goed útpakt foar it ûnderwiis.