Hearrenfean duo nei Heracles

Ferdigener Jens Jurn Streutker en oanfaller Mark Uth wurde foar de rest fan dit seizoen ferhierd oan Heracles Almelo. It duo spile foarich seizoen noch yn de beloften fan SC Hearrenfean en de kâns op spylminuten yn it earste is net grut. Trainer by Heracles is Jan de Jonge. De Jonge wie ferline seizoen noch trainer fan de beloften fan Hearrenfean en wit wat Streutker en Uth yn 'e macht hawwe. Middenfjilder Sven Kums hat in kontrakt tekene foar trije jier by Zulte Waregem. De Belgyske middenfjilder hie noch in kontrakt oant 2015.