Maatregels tsjin droech fjild

02 sep 2013 - 16:26

De gemeente Dantumadiel sil de sportfjilden bereine om se wer bespylber te meitsjen. Meiwurkers fan gemeentewurken sille de kommende dagen op alle fjilden sproeiers delsette, mar dêrneist hiert de gemeente ek leanbedriuwen yn. Dy sille it sleatswetter oer de fjilden pompe.

De sportfjilden yn Dantumadiel, mar ek yn oare gemeenten lykas Tytsjerksteradiel, binne dizze hiele wike sletten omdat se troch de droechte ûnbespylber binne. Nije wike moandei wurde de sportfjilden opnij keurd.

Neffens in wurdfierder fan de gemeente is it noch earnstich de fraach oft de fjilden dan wol klear binne om wer te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)