'Meitsje subsydzjes iepenbier'

Fryske flagge © Omrop Fryslân
De PVV Fryslân wol dat de provinsje Fryslân sa gau mooglik in iepenbier subsydzje- en deklaraasjeregister ynfiert. Dat soe dan ek digitaal foar elkenien yn te sjen wêze moatte.
Neffens de partij is sa'n soart register al hiel gewoan yn oare provinsjes en gemeenten. De PVV fynt dat it net mear fan dizze tiid is dat earst sjoernalistyk ûndersyk nedich foar't de gegevens frijjûn wurde. De partij freget it kolleezje om gau wurk te meitsjen fan it register, oars binne se fan doel in moasje yn te tsjinjen.