Janmaat skorst tsjin Utrecht

23 jan 2012 - 17:03

Daryl Janmaat fan SC Hearrenfean moat de thúswedstriid tsjin FC Utrecht sneon misse. Fuotbalbûn KNVB hat de ferdigener foar ien wedstriid skorst fanwege de reade kaart fan ôfrûne sneon tsjin De Graafschap. Janmaat krige de reade kaart fan skiedsrjochter Ed Janssen nei in mislearre tackle op in tsjinspiler.

Njonken Daryl Janmaat moat ek Ramon Zomer de thúswedstriid tsjin FC Utrecht oan him foarby gean litte. Zomer krige tsjin De Graafschap syn fyfde giele kaart fan it seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)