Mingde reaksjes skoalpersoniel

02 sep 2013 - 13:55

De reaksjes fan it personiel op de oankundige gearwurking tusken de hegeskoallen NHL en Stenden binne wikseljend. De ien fynt it logysk, de oar fynt dat it te massaal wurdt. Op de NHL wurkje tûzen minsken, op Stenden 900. Foar it wykein is bekend makke dat hegeskoallen NHL en Stenden fan no ôf yntinsyf gearwurkje sille.

Te begjinnen op it mêd fan digitalisearring en mooglik wurde op termyn wol opliedings yn elkoar skood. Dit kin yn de takomst liede ta ien hegeskoalle.

De meisizzenskipsrieden fan de NHL en Stenden sizze foarearst gjin soargen te hawwen oer de wurkgelegenheid en sille skerp de kwaliteit fan it ûnderwiis yn de gaten hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)