Tafersjoch oprêden hûnestront

02 sep 2013 - 10:29

Hûnebesitters yn de gemeente Frjentsjerteradiel wurde tenei yn de gaten hâlden oft se de hûnestront wol oprêde. Yn de gemeente jildt al langer de plicht om de stront op te rêden, mar de gemeente sil der no aktyf op tasjen dat dat ek dien wurdt. Dit dogge se, omdat der noch altyd in soad klachten oer hûnestront binne.

Om it de hûnebesitters noch makliker te meitsjen, binne moandei 100 gripers útdield. Earder binne der yn de hiele gemeente ek al 100 ôffalbakken delsetten mei in foarried pûdsjes deroan, dy't minsken brûke kinne.

Trefwurden: 
Frjentsjer hûnestront
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)