Mollema ferliest yn slotklim

01 sep 2013 - 18:46

Bauke Mollema is snein yn de njoggende etappe fan de Ronde fan Spanje as 25e oer de streek kaam. De hurdfytser fan Ljouwert ferlear de oansluting mei de klassemintstoppers yn de lêste steile klim yn Valdepeñas de Jaén. Mollema joech úteinlik 43 sekonden ta op de Spaanske winner Daniel Moreno.

Troch de bonifikaasjesekonden naam Moreno de liederstrui oer fan de Ier Nicolas Roche.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)