De Hoeve ferrast LDODK
De kuorballers setten dit wykein wer útein. Yn 'e haadklasse ferraste debutant De Hoeve troch mei 15-14 te winnen fan LDODK, de klup dy't yn de seal kuorballeague spilet. Mid-Fryslân ferlear thús mei 16-10 fan Groen Geel. Ferlies wie der ek foar SCO dat mei 17-14 ûnderút gong tsjin HKV-Ons Eibernest.