Van der Bos wint yn Penjum

© awfoto.nl
De haadklasse frije formaasjepartij yn Penjum is snein in proai wurden foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos (kening), Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn de einstriid wie it trijetal mei 5-0 en 6-4 te sterk foar Jelte-Pieter Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong. Pieter Bakker, Pieter Jan Plat en Patrick Scheepstra hellen de lytse preemje.
It wie de alfde frije formaasje winst foar Van der Bos en-dy en boppedat de lêste frije formaasjepartij fan it jier. Taeke Triemstra waard de winner fan it jierpunteklassemint.