Schuil en Nummerdor gjin titel

Richard Schuil mei syn maat Reinder Nummerdor
Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne der snein net yn slagge de Nederlânske titel yn Scheveningen te pakken. Yn de finale ferlear it twatal mei 21-16 en 23-21 fan de wrâldkampioenen Alexander Brouwer en Robert Meeuwsen. Schuil makke koartlyn bekend dat er nei 22 jier ophâldt mei follybaljen.
De âld-Ljouwerter makket dit seizoen noch ôf, mar koe it dus net bekroane mei in nasjonale titel.