KNKB komt op 14.000 leden

01 sep 2013 - 18:01

Keatsbûn KNKB hat sneon it 14.000e lid ynskreaun. It giet om Marthe Hieke, sy is lid wurden fan keatsferiening 'Spui yn 'e want' út Hartwert. Dit feit waard fansels feestlik betocht. It nije lid waard troch bestjoerslied Sietze Groustra en bûnscoach Geert van der Velden yn it sintsje setten.

Yn gearwurking mei de keatsferiening slagge it om it nijs oant sneon geheim te hâlden, sadat it foar Marthe Hieke in grutte ferrassing wie.

Trefwurden: 
KNKB keatsen Marthe Hieke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)