EK sulver foar Matthijssen

William Matthijssen en Nathalie Stellingwerf yn aksje yn Eenrum © www.team-matthijssen.nl
Gersbaanracers William Matthijssen en Nathalie Stellingwerf fan Tsjummearum hawwe sneon it sulver pakt by de EK finale gersbaanracen foar sydspannen. By de finaleraces yn Loppersum crashten broer en suster lykwols yn de lêste race. Nathalie moast nei it sikehûs brocht wurde. Op kniezings en blauwe plakken nei giet it goed mei har.
De winst yn Loppersum gong nei de Dútsers Tommy Kunert en Markus Eibl. It Frânske duo Christophe Grenier en Gerben Sanders pakte it brûns.
Dirk Fabriek út Jobbegea wûn de wedstriid yn it byprogramma. Henry van der Steen fan Aldebiltsyl waard twadde, folge troch Nick Lourens.