Trije tsjin ien yn Drachten

01 sep 2013 - 12:36

Trije manlju út Drachten binne sneontenacht oanhâlden op fertinking fan geweldpleging. Plysjes seagen fannacht fjouwer fjochtsjende manlju op de Noardkade. It spul waard útelkoar helle en it die bliken dat in 26-jierrige man oansprutsen wie troch it trio wêrnei't der spul ûntstie.

It slachtoffer waard op 'e grûn wurke en doe't hy op de grûn lei waard er slein troch in 25-jierrige. De man fan 18 fersette him bot tsjin syn oanhâlding en misledige in plysje. De trije fertochten binne ynsletten op it buro en der is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)