Iris-cd binnen 100 dagen klear

Iris Kroes © Omrop Fryslân
It debútalbum fan The Voice of Holland-winner Iris Kroes leit yn minder as hûndert dagen yn de winkels. Dat seit Robin van Beek fan 8Ball Music op de webside entertainmentbusiness.nl. It is de bedoeling dat Iris itselde tiidpaad trochrint as de winner fan ferline jier, Ben Saunders. It iennige ferskil mei ferline jier is dat alle fjouwer finalisten in nûmer opnimme meie.
De 19-jierrige Drachtster wûn ôfrûne freed de twadde edysje fan it populêre tillevyzjeprogramma The Voice of Holland.