H'fean pakt punt yn Enschede

SC Hearrenfean hat in punt oerhâlden oan de wedstriid tsjin FC Twente. Yn Enschede einige de wedstriid yn 1-1. Troch de blessuere fan topskoarer Alfred Finnbogason hie trainer Marco van Basten ferrassend Joey van den Berg yn 'e punt fan de oanfal setten. Middenfjilder Van den Berg krige de foarkar boppe echte spitsen as Mark Uth en Samir Fazli. Yn de twadde helte soarge Van den Berg foar de 0-1. Dêrnei fierde FC Twente de druk op en úteinlik skoarde ferdigener Rasmus Bengtsson de fertsjinne lykmakker.