Ariëns pakt goud op WK maraton

31 aug 2013 - 18:15
  • Crispijn Ariëns

Crispijn Ariëns fan Wolvegea hat sneon mei oermacht de maraton op it WK skeelerjen yn it Belgyske Oostende wûn. Ariëns makke diel út fan in kopgroep fan fiif, dy't in lytse foarsprong pakte. Mei noch acht kilometer te gean naaide Ariëns út en kaam solo oer de streek. It sulver wie foar de Nij-Seelanner Peter Michael. De Belch Bart Swings einige as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)