Trio V.d. Veen wint yn Dronryp

31 aug 2013 - 17:34

Frjentsjer mei de keatsters Iris van der Veen, Maaike Osinga en Manon Scheepstra hat sneon de finale fan de twadde edysje fan de Friesland Bank Cup yn Dronryp op har namme skreaun. Dêrmei nimme se de titel oer fan Berltsum mei Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma, dy't ferline jier de bêste wie. Yn de finale wie it Frjentsjer mei 5-4 en 6-4 te sterk foar Berltsum. Frjentsjer hie earst fan Ie wûn. Foar Ie keatsten Sjoukje Visser, Metsje Sibma en Louise Krol. Dy lêste foel mei in blessuere út.

Berltsum wie te sterk foar Frjentsjer 2 mei Joukje Salverda, Marrit Kuperus en Nicole Hempenius.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)