Kramer: krityk net persoanlik

Sven Kramer yn Thialf © ANP
De krityk fan reedrider Sven Kramer op KNSB-foarsitter Doekle Terpstra kaam rjocht út syn hert en wie net persoanlik op Terpstra rjochte. Dat seit Kramers manager Patrick Wouters. De reedrider wol sels net op de situaasje reagearje. Kramer hie tongersdei, op de parsedei fan syn reedrydploech TVM, in soad krityk op Terpstra.
Dat wie reden foar de KNSB-foarsitter om yn in brief syn ûntslach oan te bieden oan de lederied, dêr't Kramer ek lid fan is. De KNSB lederied hâldt nije wike tiisdei in ekstra gearkomste.