'Kramer moat ekskús oanbiede'

Sven Kramer moat syn ekskús oanbiede, dat fynt Johannes de Vries fan de lederied fan de KNSB. Op de gearkomste fan ôfrûne woansdei wie de lederied unanym oer it optreden fan foarsitter Doekle Terpstra. Sven Kramer is ek lid fan dy lederied, mar wie der net by. Hy joech yn de gearkomste wol telefoanysk akkoart oan de wol oanwêzige Jochem Uytdehaage. De Vries is dan ek bot fernuvere dat Kramer in dei letter sa kritysk wie.
Johannes de Vries hat kontakt hân mei in soad oare kollega-lederiedsleden. Dy wolle dat Terpstra as foarsitter bliuwt.