Uche Nwofor nei SC Hearrenfean

Uche Nwofor (rjochts) fiert in doelpunt
SC Hearrenfean hiert oanfaller Uche Nwofor fan earste divisionist VVV foar de rest fan dit seizoen. Dêrmei spilet Hearrenfean yn op in mooglik fuortgean fan oanfaller Mark Uth. Uth wie ferline seizoen topskoarer by de beloften by Hearrenfean, mar komt amper oan spyljen ta yn it earste, omdat Finnbogason de earste spits is. NEC en en FC Utrecht hawwe ynteresse foar de Dútske oanfaller.
Nwofor is freedtemiddei medysk keurt en Hearrenfean is no dwaande om de wurkfergunning foar de Nigeriaanske oanfaller te regeljen. De ferwachting is dat dat nei it wykein rûn is. Nwofor is nei Emanuel Ebiede, Henry Onwuzuruike en Godfrey Nwankpa de fjirde Nigeriaan yn Fryske tsjinst.