PvdA-keamerleden yn Ljouwert

30 aug 2013 - 14:27

In soad kopstikken fan de PvdA wiene freed yn Fryslân foar ferskate wurkbesites. Sa seach in delegaasje keamerleden ûnder oaren yn Ljouwert yn de eardere Vogelaarwyk yn Heechterp-Skieringen. De lûden út de PvdA wiene posityf. Fridus van der Berg fan it wykpanel sjocht de foarútgong ek, mar fynt wol dat de wyk in 'zorgenkindje' bliuwt.

De gemeente Ljouwert moat neffens Van der Berg de bewenners fan de wyk mear stimulearje om oan de slach te gean. Ek moat der mear foarljochting jûn wurde oer bygelyks soarch.

PvdA-lieder Diederik Samsom gie yn Ljouwert de strjitte op om roazen út te dielen en te praten mei de minsken. Op de freedsmerk op it Saailân wiene foaral in soad fragen oer alle besunigings. De minsken uteren harren soargen oer wurk, de pensjoenen en de soarch. Der wiene ek wurkbesites yn Snits, It Hearrenfean en de nije gemeente de Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)