Terpstra biedt ûntslach oan

30 aug 2013 - 12:17

Doekle Terpstra (57) biedt syn ûntslach oan as foarsitter fan de KNSB. Hy skriuwt dat freed yn in brief oan de lederied fan it reedrydbûn. Terpstra hat de lederied fan de KNSB, en dan foaral sporters as Sven Kramer, frege om it fertrouwen yn him út te sprekken. Krijt Terpstra dat fertrouwen net, dan is er as foarsitter fuort. Hy lei earder dizze wike ûnder fjoer nei oanlieding fan de kwestje oer de nij te bouwen iishal dy't yn Almere komt. De lederied stipe him woansdei unanym. Reedrider Sven Kramer utere tongersdei swiere krityk op Terpstra.

De lederied fan de KNSB komt tiisdeitejûn yn in ekstra gearkomste by elkoar om oer de kwestje te praten. Yn dy gearkomste beslute de leden oft se it ûntslach akseptearje of net.

Trefwurden: 
KNSB Doekle Terpstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)