Aksje tsjin fytstunnel Snits

30 aug 2013 - 10:59
  • Aksje by fytstunnel Snits
  • Aksje by fytstunnel Snits

Bewenners fan 'e Snitser wiken Tinga en Lemmerweg ha freed aksje fierd om foar te kommen dat in gefaarlike fytstunnel by har yn 'e buert komt. Frijwilligers fregen fytsers om har hantekening te setten tsjin de plannen, dy wurde oan 'e gemeente oanbean. De bewenners meitsje har soargen oer de nije tunnel om't der twa saneamde 'haarspeld-bochten' yn it ûntwerp sitte. Dat soe in gefaarlike ûnoersichtlike ferkearssitewaasje opleverje. De aksjefierders wolle dat der in rjochte tunnel komt.

De tunnel is nedich om't de gemeente dwaande is mei in nije farrûte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)