Teaterke krijt nije namme

30 aug 2013 - 10:54
  • Teater Van Ravesteijn yn Ljouwert
  • Jan-Dirk van Ravesteijn by syn nije teater
  • Ynterieur teater Van Ravesteijn

It monumintale geboutsje fan de 'Utrecht Verzekeringen' hat in nije namme krigen: de Vier Pelikanen. It gebou oan de Twibaksmerk yn Jugendstil wurdt hierd troch teatermakker Van Ravesteijn dy't der in teater fan meitsje wol. It wurdt dêrmei it lytste teaterke fan Ljouwert. Ek syn kantoar wol er dêr hâlde. Van Ravesteijn fersoarget al fyftjin jier teaterdiners en teater-acts yn bygelyks de Aldehou oer de bouwer fan de toer.

Doel is om ein dit jier de doarren te iepenjen foar publyk. Der is plak foar 35 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)