Pontsje by Suwâld is stikken

30 aug 2013 - 09:58
  • Pontsje by Suwâld is stikken

It hie tongersdei mei de 11.000ste passazjier in feestdei wurde moatten, mar sinnepont Schalkediep tusken Suwâld en Garyp is út de feart rekke nei in ûngelok. De pont rekke troch weagen fan twa binnenfeartskippen op de stiennen lâns de wâlkant fan it Prinses Margrietkanaal. Troch de klap is de skroefas brutsen en binne de skroeven skansearre rekke.

De pont wurdt nei Burgum brocht om opknapt te wurden. Dat sil in pear dagen duorje. Der is gjin alternatyf foar it pontsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)