WK-brûns foar ôflossingsploech

Manon Kamminga © awfoto.nl
Manon Kamminga, Bianca Roosenboom en Elma de Vries hawwe mei de Nederlânske ôflossingsploech op it WK skeelerjen beslach lein op de brûnzen medalje. Yn it Belgyske Oostende moast it trijetal Taiwan en Sina foargean litte. Nei ôfrin moast der in finishfoto oan te pas komme om te sjen oft Nederlân it sûlver of it brûns krije soe. Uteinlik waard it ferskil op 0,02 yn Sineesk foardiel fêststeld.
It is foar Manon Kamminga har twadde WK medalje. Woansdei wûn de 21-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean sulver op 'e 500 meter sprint.