Arum rint net waarm foar NWF

23 jan 2012 - 14:23
  • Kaart fan Fryslân

De yndieling by de nij te foarmjen supergemeente Noardwest-Fryslân libbet net bot yn Arum. Dêr wurdt jûn as earste fan in fiiftal doarpen in bewennersjûn oer de nije yndieling hâlden. Arum en de oare doarpen binne okkerdeis yndield by de nije gemeente Súdwest-Fryslân. It it noch mar de fraach hoefolle minsken oft op dizze ynfojûn yn Arum oer wer in nije yndieling ôfkomme.

De provinsje wol dat de doarpen by Noardwest-Fryslân komme. Sadwaande organisearje se de bewennersjûnen. De oare gearkomsten binne yn Surch, Lollum, Penjum en Kimswert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)