Droege fuotten Opsterlân

Ynwenners fan De Gordyk, Beetstersweach, Bakkefean en Wynjewâld hâlde ek yn de takomst droege fuotten. Dat is it doel achter de plannen fan de gemeente Opsterlân en it Wetterskip om de wetterhúshâlding yn dy doarpen goed te regeljen.
Beide partijen wurkje gear om mooglike wetteroerlêst yn de takomst safolle mooglik foar te kommen. Sa wurdt op guon plakken de riolearring oanpakt om wetter better ôffiere te kinnen. De fjouwer plannen dy't se de kommende tiid útfiere wolle, kostje 350.000 euro.