Grutte fraachtekens Houkepoort

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân wol mear dúdlikheid oer wat der krekt mis gien is by it Houkepoort-projekt yn Snits. De mearderheid fan de ried hat ûnder oaren grutte fraachtekens by de rol fan boubedriuw Volker Wessels. In amtner fan de gemeente hat de kontrakten mei it boubedriuw feroare en de bedragen flink ferhege. Neffens de ried soe it boubedriuw dat fernaam hawwe moatte, mar hat der nea wat fan sein.
De amtner is fanwege de fraude mei it kontrakt ûntslein en strafrjochtlik ferfolge.
Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders binne der gjin oanwizings dat der fierder noch partijen binne dy't ferkeard hannele ha. Dat jildt ek foar it boubedriuw.