TVM-riders klear foar seizoen

29 aug 2013 - 23:36
  • Ireen Wüst
  • Sven Kramer, NK Allround, Thialf

De reedriders en coaches fan de TVM-ploech sjogge út nei it kommende seizoen. De riders binne goed taret en binne ek mear as fit. Dit jildt ek foar Sven Kramer. De ôfrûne jierren waard er pleage troch blessueres, mar troch in útkynde training is er hielendal klear foar de grutte wedstriden. Grutste útdaging foar Kramer is de Olympyske tsien kilometer. Kramer wol yn febrewaris yn it Russyske Sotsji rjochtsette wat yn Vancouver mis gie. Kramer makke doe in ferkearde wiksel en waard diskwalifisearre.

Ireen Wüst set yn op trije kear goud, op de 1.500 meter, de 3.000 meter en de ploege-achterfolging. It reedrydseizoen begjint yn oktober, mei de NK ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)