Militêren krije medalje

Dik hûndert militêren fan de Keninklike Loftmacht ha tongersdeitejûn op it Saailân yn Ljouwert in medalje opspjelde krigen foar har ynset yn Afganistan. De measten fan har komme fan de fleanbasis Ljouwert. Se moasten yn Kunduz de Nederlânske plysjetreners beskermje. It wie foar it earst dat de militêren op dizze wize, midden yn de stêd, op in drokke tongersdeitejûn yn Ljouwert yn it sintsje set waarden.
De medaljes waarden útrikt troch Commandant der Strijdkrachten generaal Middendorp, Commandant Luchtstrijdkrachten, luitenant-generaal Alexander Schnitger en kommissaris fan de Kening John Jorritsma.